Amerikaansk aventoer foar Pele van Anholt

11 jul 2017 - 09:59
Pele van Anholt - Foto: Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma

Fuotballer Pele van Anholt fan Boalsert ferfolget syn karriêre by de Amerikaanske klup LA Galaxy. De 26-jierrige ferdigener krige gjin nij kontrakt by Willem II en wie op syk nei in nije klup.

Neffens de klup is Van Anholt sûnt moandei yn Los Angeles en sil er tiisdei in medyske keuring ûndergean. Earder spile Van Anholt fan 2011 oant en mei 2016 by SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
fuotbal Pele van Anholt
(Advertinsje)
(Advertinsje)