Gertjan Verbeek hat dien krigen by Bochum

11 jul 2017 - 09:28
Gertjan Verbeek - Foto: ANP

Gertjan Verbeek is ûntslein as coach fan de Dútske fuotbalklup Vfl Bochum. Syn kontrakt rûn oant mids 2018, mar de 54-jierrige hat moandeitejûn te hearren krigen dat hy fuort moat, meldt de Dútske krante Bild.

Verbeek gie yn 2014 oan de slach by Bochum, dat yn de twadde Bundesliga spilet. Hy einige it ôfrûne seizoen op in teloarstellend njoggende plak. Verbeek spile jierren as fuotballer foar SC Hearrenfean en wie dêr ek trainer-coach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)