Kollum: "Mei in spagaat yn de stront"

11 jul 2017 - 08:25

"Brabantse boer lijdt nederlaag. Mei dy prikeljende kop iepene de ekonomy-bylage fan de Ljouwerter ôfrûne wykein. It artikel dêr’t er boppe stie gie oer in beslút fan Provinsjale Steaten fan Noard-Brabân om de feehâlderij flugger duorsum te meitsjen.

Dêr wiene yn it ferline al ôfspraken oer makke wurden troch dyselde provinsje, de ZLTO en de Brabânske Miljeufederaasje. Ofspraken om der oan de iene kant foar te soargjen dat boeren in libbensfetber bedriuw oerein hâlde kinne, en om oan de oare kant it miljeu te ferbetterjen. Minder útstjit yn 2028, it leafst hielendal neat mear. Freed hat de provinsje dus besletten om dy doelen acht jier nei foaren te heljen. Dat dogge se omdat it der striemin foar stiet mei de natuer.

Troch de yntinsive feehâlderij (Brabân is de provinsje mei fierwei it measte fee) giet de natuer folle rapper nei de kloaten as dat se tocht hiene. Ammoniak út de stâlen komt as stikstofferbining yn de rein. De gefolgen dêrfan binne grut. Ikebeammen stjerre massaal út. In protte ferskillende bistesoarten binne ferdwûn. Heide is net pears mear en wurdt ferkrongen troch piperaai. Op de Feluwe ha se der ek lêst fan. Undersiker Arnold van der Burg fan Biosphere liet yn Een Vandaag sjen wat te min kalk yn de boaiem mei bygelyks de koolmees, it gielboarstje, docht. Pykjes brekke de poaten sadree’t se út it aai komme. Fleane hiene se überhaupt net kinnen omdat de botten yn de wjokjes sa sacht as rubber binne. Hy hie in friezer fol fan dy skeinde fûgeltsjes.

It hege stikstofgehalte soarget trouwens net allinne yn Noard-Brabân en de Feluwe foar problemen, it is in probleem yn hast alle provinsjes. Dat der fluch wat feroarje moat, is evidint. Mar de boeren reitsje dêrtroch yn in spagaat. Dy sjogge nammentlik in ûnmooglike ynvestearring op harren ta kommen. Se binne noch drok dwaande om de eardere doelstellingen te heljen, en no moatte se noch folle mear ynvestearje om der yn 2020 al klear foar te wêzen. Provinsje Noard-Brabân lûkt 30 miljoen út foar boeren dy’t noch modernisearje kinne. Te min, want sa’n fiifhûndert bedriuwen sille troch de nije maatregels ophâlde moatte.

Oer it algemien dogge boeren der alles oan om harren bisten, it lân en it gewaaks sa goed mooglik te fersoargjen. Om sa min mooglik antibioatika en beskermingsmiddels te brûken. En dan ha wy it noch net iens oer biologysk buorkjen. Alle dagen dogge boeren harren bêst om sûn en lekker iten te produsearjen. Se sitte lykwols fongen yn in systeem. Skaalfergrutting en yntinsivearring blike in dearinnende wei te wêzen. Letterlik. It moat oars. Der moat in duorsum en winstmeitsjend alternatyf komme, ien dat goed is foar miljeu en lânskip, foar it wolwêzen fan bist èn minske. De fraach is wat wy dêr as konsumint foar oer ha. De fraach is ek wat de regearing dêr foar oer hat. Want dat de boeren ekstra help nedich ha is, mei it each op de sitewaasje yn Noard-Brabân, ek dúdlik wurden. Wy litte ús boeren toch net yn de stront sakje?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)