Weidumer radiopionier Hanso Idzerda wurdt betocht yn 2019

10 jul 2017 - 22:38

De Weidumer Hanso Idzerda wurdt yn 2019 yn it sintsje set. It is dat jier hûndert jier lyn dat Idzerda de earste radio-útstjoering ea makke. Om dit te fieren pakt Weidum grut út. Der komt in teäterfoarstelling op it keatsfjild fan Weidum. It publyk sil yn in multymediaal muzykspektakel meibewege dêr't de aksje is.

De foarstelling sil gean oer dreamen, ambysjes en ferbiningen. Ek komt der yn 2019 in projekt foar skoalbern om op skoalle 24 oeren efterinoar radio te meitsjen én der komt in tydlik museum oer Hanso Idzerda.

Hans Henricus Schotanus à Steringa Idzerda (Weidum, 26 septimber 1885 - Den Haag, 3 novimber 1944) wie in Nederlânsk yngenieur en radiopionier. Hy fersoarge op 6 novimber 1919 de alderearste radio-útstjoering ea foar algemien publyk. Under de Dútske besetting waard er fanwege fersetswurk fusillearre.

Trefwurden: 
radiopionier Hanso Idzerda
(Advertinsje)
(Advertinsje)