Hûnderten besjogge pleatsen fan lizzers Jouster fly-overs

10 jul 2017 - 22:21

Inkelde hûnderten taskôgers wiene moandeitejûn tsjûge fan it pleatsen fan de lizzers by de fly-overs fan it fernijde knooppunt De Jouwer. Se beseagen it spektakel op feilige ôfstân fan in spesjaal ynrjochte tribune ôf yn in greide oan de Haulstersingel.

It pleatsen fan de lizzers sette moandeitejûn útein en duorret oant en mei 22 july. Kommende tongersdei is der in spesjale publyksjûn. Fan njoggen oere oant tolve oere wurde de wurksumheden dan taljochte troch in saakkundige.

Trefwurden: 
fly-overs knooppunt De Jouwer
(Advertinsje)
(Advertinsje)