Nard Brandsma wint ynhelwedstriid fierljeppen yn Burgum

10 jul 2017 - 22:13

Nard Brandsma hat moandeitejûn de ynhelwedstriid fan it fierljeppen by de topklassers yn Burgum wûn. Hy ljepte yn syn earste sprong nei 20.36 meter. It twadde plak wie foar Thewis Hobma, dy't 19.63 meter sprong. Sytse Bokma waard tredde yn 18.66 meter. De foarrondes waarden koarte tiid ûnderbrutsen troch de rein. Fuortendaliks nei de lêste sprong, wie de wedstriid dien omdat it opnij begûn te reinen. Der binne dan ek gjin finales ljept.

By de froulju gie de winst nei Marrit van der Wal. Sy kaam ta 14.94 meter en wie dêrmei better as Anneke Broersma, dy't 14.34 sprong. It tredde plak wie foar Melanie Heins. Sy kaam ta 14.08 meter.

By de junioaren wie it ferskil tusken de nûmer ien en twa lyts. Freark Kramer wûn yn 18.08, krekt foar Rutger Piersma dy't 17.98 meter ljepte. Bobbie Zwaagman waard tredde yn 16.76 meter.

Wietse Nauta wie fierwei de bêste yn de kategory jonges. Hy sprong in kreaze 18.19 meter. It twadde plak wie foar Jarich Wijnstra (17.26 meter) en Minne Smit waard tredde (16.54 meter).

Sigrid Bokma wûn de wedstriid by de famkes. Sy ljepte nei 14.47. Fardau van Akker einige as twadde mei 13.84 en Gerbrich Steensma waard tredde mei 13.51.

Opfallend wie de prestaasje fan Drewes Schievink yn de oergongsklasse. Hy sprong 17.79 meter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)