Realistyske oefening brânwacht Snits yn serviceflat

10 jul 2017 - 21:55

De brânwacht fan Snits hat moandei oan it begjin fan 'e jûn in tige realistyske oefening hâlden yn gearwurking mei meiwurkers en bewenners fan in serviceflat yn Snits. By de Parkflat Stadsfenne wie in sabeare brân útbrutsen yn trije apparteminten. Slachtoffers waarden rêden mei help fan in heechwurker. Ek foar de bedriuwshelpferliening fan de serviceflat wie de oefening in goed helpmiddel. Nei ôfrin koe de befelfierder fan de brânwacht Snits wiidweidich mei de belutsen BHF'ers evaluearje.

Foarôfgeand oan de brân krigen de flatbewenners ynformaasje oer bygelyks brânprevinsje. Ek wie der in diske dêr't minsken telâne koene foar mear ynformaasje. Brânwacht Fryslân sil de kommende tiid faker oefenje op dizze realistyske wize, yn bygelyks wenhuzen en boppe winkels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)