Partij voor de Dieren: "Guozzen net deasjitte mar ferjeie"

10 jul 2017 - 20:48
Guozzen - Foto: Henk Bootsma

Yn de striid tsjin guozze-oerlêst, wol de ôfdieling Ljouwert fan de Partij voor de Dieren profesjonele teams ynskeakelje dy't de guozzen fuortjeie. Dit moat as alternatyf tsjinje foar it ôfsjitten fan de bisten. Neffens de partij wurdt sa it probleem fan de oerlêst oplost, sûnder dat der guozzen deasketten wurde.

Yn de provinsje Flevolân wurdt op it stuit in proef útfierd mei dizze fuortjei-metoade en neffens de Partij voor de Dieren is dizze suksesfol. Provinsjale Steaten prate woansdei oer it plan om alle jierren 200.000 guozzen ôf te sjitten. Neffens listlûker Caroline de Groot fan de Partij voor de Dieren smyt it bejeien fan guozzen allinnich mar mear skea foar de boeren op. De Groot tinkt ek dat by it bejeien fan guozzen in soad fûgels skansearre wurde sille en as gefolch dêrfan stadich deagean sille. De 'metoade Flevolân' liket de partij fierwei de tûkste oplossing. As je dat oan de ein fan de winter dogge, kinne je de guozzen mei wat gelok ferjeie nei de guozzefoerazjear-gebieten, dêr't de boeren net folle lêst fan de bisten hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)