Komitee yn oprjochting foar hûs Waling Dykstra yn Holwert

Der is in komitee yn oprjochting foar it hûs yn Holwert dêr't de ferneamde Fryske skriuwer Waling Dykstra wenne fan 1861 oant 1909. It hûs oan de Hegebuorren is slim fertutearze. De glêzen binne ynkinkele, plafonds oan it trochhingjen, doarren en kezinen der heal útsloopt. Syds Wiersma docht op Facebook it foarstel om fan it leechsteande hûs in 'skriuwershûs' fan te meitsjen.

"Prachtplak om te skriuwen, rizende simmermoarnen te besjongen en op jûnenochten by it Waad lâns te swalkjen. Soad kreative geasten yn Holwert, It Amelân in hoannestap, Dokkum en Ljouwert in healoerke mei de bus. Foar oardel ton en de ynset fan wat handige frijwillige literatuerleafhawwers is Fryslân in skriuwershúske riker. Ien ding is dúdlik. Dit kin sa net. Dit fertsjinje Waling-om, Holwert en de Fryske literatuer net. Wa docht hjir wat oan?!

De oprop fan Wiersma op Facebook smiet fuortendaliks ferskate positive reaksjes op. Minsken as Goffe Jensma en Abe de Vries wolle wol mei Wiersma om tafel om te sjen oft se in komitee oprjochtsje kinne foar it Waling Dykstra-hûs.