Lieuwe Westra sil emigrearje nei Australië

10 jul 2017 - 20:11

Ald-profhurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje emigrearret nei Australië. Hy sil yn septimber trouwe mei syn freondinne en him dêr nei wenjen sette. Westra fertelde dat moandei yn Fryslân Hjoed.

It giet nei eigen sizzen wer better mei de sporter, nei't in depresje en in saaklik skeel him earder dit jier besluten die om op te hâlden mei profesjoneel hurdfytsen. Westra fytst noch wol as amateur. 

(advertinsje)
(advertinsje)