Ljouwerter moat sel yn fanwege bedriging

10 jul 2017 - 18:01
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Ljouwert hat trije moanne sel krigen foar ûnder oare bedriging. De man hie twa meiwurkers fan de ferslavingssoarch yn Ljouwert mei de dea bedrige, omdat er syn medikaasje net op 'e tiid krige. Hy drige werom te kommen mei in bomgurdle.

Hy bedrige ek twa minsken yn Aldeholtwâlde omdat ien fan har syn keunstgebit fuortgriemd ha soe. De man woe in nije ha en doe't dat net barde, luts er in mes. De man hat in flink strafblêd mei foaral bedrigingen. Omdat er him net helpe litte wol, fûn de rjochter dat er no mar ris de sel yn moat.

Trefwurden: 
selstraf bedriging Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)