Wurk oan rotonde De Hommerts en Jeltesleatakwadukt útsteld

10 jul 2017 - 17:51
Foto: Google Streetview

It wurk fan nije wike oan de rotonde yn De Hommerts en oan it Jeltesleatakwadukt in eintsje fierderop yn de N354 giet net troch. Reden is dat der tagelyk ek grutte wurksumheden pland steane oan it knooppunt by De Jouwer. Dat soarget foar in soad oerlêst en sadwaande kin it ferkear ek net omlaat wurde oer De Jouwer.

Boppedat moat de dyk troch De Hommerts en Jutryp iepenbliuwe foar helptsjinsten. De oannimmer makket no in nije planning foar it wurk.

Trefwurden: 
rotonde Jeltesleatakwadukt
(Advertinsje)
(Advertinsje)