Para-atleet Gerrit Dijkstra wol meidwaan oan Ironman

Para-atleet Gerrit Dijkstra fan Drachten wol yn de takomst meidwaan oan de Ironman triatlon fan Lanzarote. Dijkstra hat it ôfrûne wykein as earste para-atleet de Frysman triatlon yn Gaasterlân folbrocht. Hy die dat yn trettjin oeren. De limyt om oan de Ironman mei te dwaan is tolve oeren. "Ik wie krekt net ûnder de trettjin oeren, dêrom sil ik takom jier wer oan de Frysman meidwaan. It haaddoel is lykwols de Ironman, dat is de triatlon der triatlons."
Dijkstra hat genoaten fan syn dielname oan de Frysman en krige in soad respekt fan de oare atleten. "As ik foarbykaam, dan begûnen se allegear te applaudissearjen. En de minsken lâns de kant ek. By de finish kaam myn soan út it publyk racen en dy hat my oer de finish treaun. Dat wie it moaiste kadootsje dat ik krije koe."