Dea Van Seggeren grutte skrik foar de omjouwing

10 jul 2017 - 17:08

De dea fan Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach is in flinke domper foar de organisaasje fan it FreezeForce Beach Fest yn De Westereen. Van Seggeren, dy't sneintemoarn dea fûn waard by De Westereen, wie in jûn earder besiker fan it feest. Neffens de organisaasje wie der op it muzykfeest sels neat oan de hân mei Van Seggeren en is syn dea in grutte domper.

Van Seggeren waard de folgjende moarn by tafal fûn troch in ynwenner fan De Westereen, yn in in greide by it doarp. Dy ynwenner, Andries Korporaal, rôp de help yn fan in doarpsgenoat, Tjeerd Elzinga, dy't de plysje warskôge.

De plysje hat de greide by De Westereen, dêr't sneintemoarn de deade Tjeerd van Seggeren fûn waard, wer frijjûn. It gebiet wie sûnt de fynst fan Van Seggeren ôfsletten. Oan it begjin fan de middei makke de plysje noch bekend it gebiet dêr't spoare-ûndersyk dien waard út te wreidzjen. Dat ûndersyk op it plak fan de fynst is no klear. Wol giet it buertûndersyk noch troch en sil ek de organisaasje fan it muzykfestival yn De Westereen noch heard wurde. Van Seggeren wie ien fan de besikers fan dat festival. De plysje kin noch neat sizze oer de deadsoarsaak. Wol wurdt der útgien fan in misdriuw.


De plysje giet der fanút dat de dea fan Van Seggeren in misdriuw is, mar kin noch neat sizze oer de dieder. It ûndersyk giet noch hieltyd troch. Moandei waard der socht op it plak dêr't Van Seggeren fûn is. Tips fan it publyk binne fan herte wolkom by de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)