Fideo: les fan Nobelpriiswinner Ben Feringa

10 jul 2017 - 16:40

Hy woe eins boer wurde, mar waard Nobelpriiswinner yn de skiekunde. Professor Ben Feringa fan Grins wûn ferline jier de Nobelpriis foar syn ûntdekkingen yn de nanotechnology. Moandei koene learlingen fan basisskoalle út it Noarden in kolleezje fan him folgje oan de Ryksuniveristeit fan Grins.

Der sieten 600 bern yn de seal en in entûsjaste heechlearaar, dy't de dreechste matearje op boartlike wize útlei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)