De Lawei teloarsteld oer ferlies rjochtsaak tsjin oannimmer

10 jul 2017 - 16:32
  • Direkteur Stef Avezaat fan De Lawei

De direksje fan skouboarch De Lawei yn Drachten is bot teloarsteld oer it fonnis fan de Raad van Arbitrage voor de Bouw oer it skeel mei oannimmer Van Norel. De ried hat sein dat De Lawei Van Norel trije jier lyn net terjochte fan it wurk ôfhelle hat. "Ik stond te trillen op mijn benen", saeit Lawei-direkteur Stef Avezaat as earste reaksje op de útspraak fan de 'Raad van Arbitrage' foar de bou.

Dy bepaalde moandei dat De Lawei ten ûnrjochte boubedriuw Van Norel út Epe fan it wurk oan de fernijde Lawei helle. De útspraak wie net allinnich teloarstellend, mar foar Avezaat ek folslein ûnferwachte. De Lawei kin noch yn appèl gean tsjin de útspraak. "Wij gaan de uitspraak eerst bestuderen en bespreken met de Raad van toezicht en de gemeente Smallingerland", sei Avezaat. "Maar zo'n stap moet dan wel in het belang van De Lawei zijn." 

It ôfmeitsjen fan it wurk troch in oare oannimmer hat de gemeente Smellingerlân earder al 3,7 miljoen euro koste, de claim fan Van Norel en de juridyske kosten rûst Avezaat op 7,5 ton. Dat bedrach kin De Lawei sels foarfinansiere, "maar ik had het liever in cultuur gestoken", sa seit de skouboarchdirekteur.

Trefwurden: 
De Lawei rjochtsaak Van Norel
(advertinsje)