Drachtster frou krijt wurkstraf foar bernemishanneling

© ANP XTRA
In frou (43) út Drachten hat moandei hûndert oeren wurkstraf krigen, omdat se de bern fan har eardere partner mishannele. Ien fan de slachtoffers, in jonkje fan doe 10 jier âld, waard geregeld skopt en slein. Hy waard ek oan syn earen optild en troch de keamer slingere. Syn suske waard ek in pear kear mishannele, ûnder oare mei in dweilstôk. De saak kaam oan it ljocht doe't de jonge syn mem fertelde wat der by syn heit thús barde.

De fertochte sels seit dat se wit dat se fout siet. Se is foarhinne sels ek mishannele en hat yntusken help socht. De frou hie it boppedat dreech mei de gearstalde famylje mei njonken har eigen bern en bern fan har nije partner. De offisier fan justysje hie earder in wurkstraf fan 180 oeren tsjin de frou easke. De rjochter makke der hûndert oeren fan, mar warskôge de frou ek dat as se de kommende fiif jier noch in kear yn de fout giet se wier in selstraf kriget.