Skiermûntseagers golste Friezen by Oranje Fûns Kollekte

10 jul 2017 - 16:09
Foto: ANP

Op Skiermûntseach jouwe minsken it measte oan de kollektant fan it Oranje Fûns: twa euro en fjouwer sinten. Gemiddeld jouwe Friezen 26 sinten as it fûns by de doar del komt. Dat liket net in soad, mar dochs is Fryslân de golste provinsje fan Nederlân. Mei-elkoar treaunen de Friezen mei de lêste ynsammelaksje yn juny goed 45.000 euro yn de kollektebus.

It measte jild waard byinoar swile troch Doarpshûs It Himsterhûs fan Easthim, dik 1400 euro. Organisaasjes dy't kollektearje, meie de helte fan it jild sels hâlde. De rest giet nei oare goede doelen.

Trefwurden: 
kollekte Oranje Fûns
(Advertinsje)
(Advertinsje)