FIDEO: Marrit Jasper yn Nederlânske follybalteam

10 jul 2017 - 16:09

Marrit Jasper fan Snits waard ein maaie oproppen foar it WK-kwalifikaasjetoernoai yn Azerbeidzjan. Yn de tuskentiid hat Nederlân in toernoai spile yn Switserlân en dit wykein trije wedstriden yn de World Grand Prix yn Apeldoorn. Alle kearen wie de 21-jierrige passer-loper der by. Dizze wike spilet se ek mei Oranje yn Ruslân, de wike derop yn Brazilië. Omrop Fryslân wie der snein by, doe't Jasper yn Apeldoorn mei die yn de wedstriid tsjin Japan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)