Rykswettersteat treft maatregels oan Amelanner autobrêge

10 jul 2017 - 15:56
De fernijde feardaam fan It Amelân - Foto: Rijkswaterstaat

Rykswettersteat fiert de kommende wiken mear maatregels troch om it tal steuringen oan de autobrêge op It Amelân te beheinen. De betsjinning fan de autobrêge stûket geregeld fanwege bernesykten yn de nije elektrotechnyske ynstallaasje. Rykswettersteat hat de ynstallaasje no sa oanpast dat de betsjinning fan de brêge by 'lytse steuringen' dochs gewoan trochgean kin.

Earder stoppe de brêge by lytse steuringen, wêrtroch reizgers nei en fan It Amelân net mear op of fan de fearboat komme koene. Fierder hat Rykswettersteat ekstra reserve-ûnderdielen besteld. Dy komme op it eilân te lizzen, wêrtroch nij maleur oan de brêge hiel fluch ferholpen wurde kin.

Mei Rederij Wagenborg en de oannimmer hat Rykswettersteat is ek sjoen nei strukturele maatregels om de steuringen te ferhelpen. Rykswettersteat giet der fanút dat de autobrêge fan begjin augustus ôf fierhinne steuringsfrij wêze sil.

De fernijde feardaam op It Amelân is heal juny offisjeel iepene troch Rykswettersteat en de gemeente. It doel fan de nije feardaam en de nije autobrêge wie om de ferkearsstreamen better te skieden en de situaasje sa feiliger te meitsjen. De ûnderfiningen fan de Amelanners mei de nije brêge binne minder posityf. Sûnt de nije autobrêge der leit, binne der folle mear steuringen as mei de âlde brêge. Neffens de ferklearring fan Rykswettersteat is it lijen meikoarten foarby.

(Advertinsje)
(Advertinsje)