Autofernieling yn Snits, filmke massaal dield op Facebook

10 jul 2017 - 15:46

In filmke fan in autofernieling yn Snits is op Facebook yn twa dagen tiid al mear as 19.000 kear besjoen en op syn minst 500 kear dield. Op it filmke binne jonges te sjen dy’t de emblemen fan twa parkearde Mercedessen derôf besykje te brekken, dat slagget by ien. It barde freedtejûn krekt foar tolven yn de Looxmastrjitte flakby it sintrum fan Snits. De jonges kamen oanrinnen, giene foar de auto's stean en lutsen oan de Mercedes-stjerren op de motorkape.

It trio wie him der wierskynlik net fan bewust dat de eigeners fan de auto’s alles fêstlein ha mei in befeiligingskamera. Yn it ferline ha sy faker slachtoffer west fan fandalisme en dêrom besleaten se trije jier lyn om kamera’s op te hingjen. Se binne no op syk nei de dieders. Yntusken is de wykplysje ynskeakele, mar de eigeners hoopje eins dat de dieders harren frijwillich by har melde om oer de fernieling te praten: "Wy wolle graach witte watfoar sin it hat om dit te dwaan."

Trefwurden: 
fernieling filmke auto
(advertinsje)