Stoarmproef yn Delft moat sterkte Lauwersmardyk teste

Yn Delft wurde moandei stikken asfalt út de Lauwersmardyk test. Wetterskip Fryslân hat foar dizze test tsien stikken asfalt fan 8 meter lang út de dyk seage en nei it ûndersykssintrum fan Deltares brocht. Dy docht no allerhande tests om te sjen hoe goed it asfalt noch is en oft it mooglik langer lizzen bliuwe kin. As dat it gefal is, dan kinne neffens it Wetterskip tsientallen miljoenen euro's besparre wurde. De Waadseedyk stiet op de nominaasje om oanpakt te wurden.

Om de âlde dyk te testen lieten ûndersikers swiere golven tsjin de neiboude seedyk klappe. De proefopstelling bestiet út in grutte golfgoat fan 300 meter lang, 9,5 meter djip en 5 meter breed.
Nederlân hat sa'n 300 kilometer seedyk mei asfalt der op. In tredde part dêrfan hat ferâldere asfalt. It ûndersyk is in inisjatyf fan it gearwurkingsferbân fan de wetterskippen en Rykswettersteat. De útkomst fan it ûndersyk wurdt ein septimber ferwachte.