Brânwacht foarkomt dat skip sinkt yn Ljouwert

10 jul 2017 - 15:00

De brânwacht fan Ljouwert hat moandeitemiddei foarkommen dat in plezierjacht sonk. It skip Fortuna út Eemnes makke wetter, doe't it oan de wâl by De Harmonie lei. De opfarrenden besochten earst mei in dompelpomp it wetter sels fuort te krijen, mar skeakelen doe't dat net slagge de brânwacht yn. Dy is mei in auto útriden om te helpen by it fuortkrijen fan it wetter. Wêrom't der wetter yn it skip kaam is net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)