"De Lawei sette boubedriuw ûnterjochte oan 'e kant"

10 jul 2017 - 13:34

Skouboarch De Lawei yn Drachten hat syn rjochtsaak tsjin boubedriuw Van Norel út Epe ferlern. Dat meldt de Ljouwerter krante. De Lawei sette yn 2014 Van Norel oan de kant as útfierder fan de ferbouwing fan de skouboarch. Van Norel soe it wurk net goed dien hawwe en him ek net oan de opdracht en planning hâlden hawwe. De Raad van Arbitrage voor de Bouw hat him no oer de saak bûgd en neffens de Ljouwerter krante bepaald dat De Lawei by net ien fan de ynbrochte redenen foar it oan de kant setten gelyk hat.

Van Norel soe dêrom net terjochte fan it wurk helle wêze. Uteinlik moast in oar boubedriuw de ferbouwing fan De Lawei ôfmeitsje. Dy wie dêrtroch in healjier letter klear. Van Norel tinkt noch nei oer in moogllike claim fanwege ferfolchskea.

Trefwurden: 
De Lawei Van Norel rjochtsaak
(advertinsje)