Boarstfieding jaan mei it tatoeëarjen? Moat kinne!

10 jul 2017 - 12:22
Foto: Janet Alkema-Haagsma

In mem dy't har hongerige poppe it boarst jout wylst se in tatoeaazje krijt. Dat is net in alledeisk tafriel, mar by tatoeaazjeshop Drakkar Tattoo yn Ljouwert wurde se der net oars fan. Mem Janet Alkema-Haagsma dielde dit plaatsje op Facebook mei de hashtag #normalizebreastfeeding. Want, fynt se, froulju krije noch te faak opmerkingen as se yn it iepenbier boarstfieding jouwe. En dat wylst it eins hiel natuerlik is.

De tatoeaazje is trouwens set mei de saneamde 'handpoke-technyk'. Dit is it einresultaat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)