FNV driget mei aksjes by ferpakker Huhtamaki yn Frjentsjer

10 jul 2017 - 12:17
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It fakbûn FNV driget mei aksjes by it ferpakkingsfabryk Huhtamaki yn Frjentsjer. De wurknimmers easkje neffens it fakbûn in earlike leansferheging. Se wolle in heger salaris, mar fine dat dat net finansiere wurde moat troch in diel fan harren pensjoenopbou yn te leverjen. De direksje fan it bedriuw krijt oant en mei woansdei om akkoart te gean, oars folgje dizze wike noch de earste aksjes.

De cao jildt foar 180 meiwurkers en rûn yn juny ôf. Dêr't it fakbûn no in leansferheging fan 2,4 prosint easket, wol Huhtamaki net fierder gean as 2 prosint. "Op het eerste gezicht lijkt het percentage een reële loonsverhoging, ware het niet dat Huhtamaki de pensioenopbouw heeft verlaagd met 1,45 procent ten opzichte van 2016", sa seit Frans de Haan fan it FNV. "De voorgestelde 2 procent loonsverhoging wordt dan dus voor een flink deel uit de eigen zak van de medewerkers betaald. Hierdoor worden vooral jongere werknemers geconfronteerd met een flink slechter pensioenperspectief."

Yn it fabryk yn Frjentsjer wurde benammen doazen foar aaien makke.

Trefwurden: 
aksje CAO Huhtamaki Frjentsjer FNV
(Advertinsje)
(Advertinsje)