Plysje begûn oan grut spoare-ûndersyk De Westereen

De plysje is moandeitemoarn úteinset mei in grut spoare-ûndersyk yn De Westereen op it plak dêr't sneintemoarn de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren dea fûn waard. Yn de omjouwing fan de krusing Fogelsang-Bûterwei, dêr't it lichem fan it slachtoffer fûn waard, wurde de bermen meand om bewiismateriaal fine te kinnen. De plysje is manmachtich oanwêzich en der wurde hûnen ynset.
Van Seggeren wie sneontejûn by it muzykfeest Freeze Forze Beach Fest yn De Westereen. Op in gegeven momint is hy fuortgien en waard der neat mear fan him fernommen. Nettsjinsteande eardere berjochten seit de organisaasje fan it festival dat Van Seggeren sneontejûn net foar harren as frijwilliger oan it wurk wie. It festivalterrein is beheind berikber.