Kollum: "Fjochters’bazen’"

10 jul 2017 - 08:26

"Dit wykein seach ik mei grutte ferbjustering nei de bylden fan de rellen yn Hamburg. Dêr waard de topkonferinsje fan de G20 holden. Reden foar tûzenen demonstranten om ris efkes flink de beest út te hingjen. Winkels waarden plundere, auto’s yn brân stutsen en ramen ynslein. Wa’t net better wist, soe tinke dat de tredde wrâldoarloch útbrutsen wie. Te gek foar wurden.

Stel, do bist it ergens net mei iens. Dan seist der wat fan. Of yn myn eigen gefal: dan skriuwst der wat oer. Ast it echt stom fynst en bist flink pissich, dan demonstrearrest. Makkest in spandoek en giest op 'e dyk stean. Om it noch wat yndrukwekkender te meitsjen fregest mear minsken om mei te gean, regelest in trommel en betinkst in moaie striidkreet. En klear bist.

Mar hoe yn godsnamme komt it yn dy op om in winkel te plunderjen? Om in molotovcocktail te meitsjen of mei in katapult op de plysje te sjitten. Dan spoarst toch net hielendal? En dat is krekt wat der dêr yn Hamburg oan de hân wie. Al dy relskoppers spoare lang net.

Ik bin der wis fan dat it gros fan de demonstranten dy't dit wykein yn Hamburg oppakt is, überhaupt gjin flauw benul hie wat de G20 eins is of wêr’t dit wykein oer praat waard. Ik wit seker dat ast sa’n plunderjende kloatsek fregest: 'Dat klimaatakkoart hè; wêr waard dat ek mar wer ûndertekene?' dat er dy stom oansjocht en de skouders ophelje sil.

Dit soart minsken - en meastentiids toch foaral mannen - komt mar mei ien doel: der efkes fys hurd yn houwe. Dy komme net om te demonstrearjen mar om te rellen. Om mei in izeren staaf al dy frustraasjes fan harren eigen libben fan har ôf te slaan. En oft dat no by in fuotbalwedstriid is of by in konferinsje mei alle hege piefen fan de wrâld; it sil harren om it even wêze. As der mar lekker roech reld wurde kin.

En se krigen wier foar har jild yn Hamburg, want de ME gong der dit wykein knetterhurd tsjinoan. Der foelen oan beide kanten flink wat slachtoffers. Mar úteinlik is der mar ien partij écht slachtoffer. Dy hurdwurkjende ûndernimmer dy’t mei muoite de kop boppe wetter hâlde kin en de folgjende dei syn winkeltsje werom fynt as wie der in tornado dwers trochhinne jage. De skoaljuffer dy’t krekt ynvesteard hat yn in knap weintsje en har auto moarns útfikke foar de doar oantreft. Net de hege piefen fan de G20 sille dit wykein lest hân ha fan alle rellerij, mar benammen de gewoane minsken.

En just dêr waard ik dit wykein sa lulk om. Want it kostet ús as mienskip hannen fol jild, sokke domme rûchhouwers. As ik al dy idioaten sjoch mei harren maskers op en stikken izer yn ‘e hân, dan tink ik: pak se op, set se mei har allen op in stikje lân ergens bûten de stêd en lit se mar lekker los gean. Sukses der mei. Mar sa simpel is it net. Dat snap ik ek wol. Dêrmei lost it probleem net op en soargest foar in libbensgefaarlike situaasje.

De grutte fraach is dan ek: wat moatte wy mei minsken dy’t willens en wetens lânskomme om de boel te ferstieren? Dy’t mar op ien ding út binne: rúzje sykje. Miskien moat al dy hege piefen dit fraachstik tenei ek mar meinimme by de G20 top. Der sitte per slot fan rekken al genôch fjochters’bazen’ oan tafel."

(Advertinsje)
(Advertinsje)