Auto bedarret yn de sleat nei ferkearsrûzje op Wâldwei

09 jul 2017 - 22:37

De plysje siket tsjûgen fan in ferkearsrûzje op de Wâldwei. Sneintejûn om goed 19.00 oere krigen automobilisten yn de rjochting fan Drachten it mei-inoar oan de stôk. Ien fan harren gie ynienen op de rem stean, wêrtroch't de auto achter him útwike moast en yn de sleat bedarre. De bestjoerder út Harns kaam mei de skrik frij. De automobilist dy't it ûngelok feroarsake is trochriden.

Minsken dy't mear witte, wurde frege dat te melden by de plysje op 0900-8844.

Trefwurden: 
ferkearsrûzje Wâldwei
(advertinsje)
(advertinsje)