Oranje follybalfroulju mei Marrit Jasper, ferlieze fan Japan

It Nederlânske follybalteam, mei Marrit Jasper fan Snits, hat snein ferlern fan Japan yn de World Grand Prix. Nederlân wûn yn Apeldoorn wol de earste twa wedstriden. Freed waard de Dominikaanske Republyk oprôle mei 3-0, dêrnei waard wûn fan Tailân sûnder in set te ferliezen. Tsjin Japan kaam Nederlân mei twa sets foar, mar ferlear dochs. Setstannen 25-17, 25-20 en 18-25, 22-25 en 9-15.

Marrit Jasper siet foaral op de bank. Tsjin Tailân mocht se ien kear servearje, tsjin Japan fjouwer kear. Jasper spilet no kommend wykein wer trije wedstriden mei Oranje, mar no yn Ruslân. De wike dêrop gean se nei Brazilië. Nei dizze wedstriden is der noch in finale yn Sina, dêr't de bêste seis lannen oan meidogge. Nei trije wedstriden stiet Nederlân no mei sân punten by de earste seis, mar de swierste tsjinstanners komme noch. De World Grand Prix is nei de Olympyske Spelen en it WK it belangrykste toernoai.

Marrit spile it foarige seizoen yn de Bundesliga by VFL Suhl yn Thüringen. Dy klup sil se ferlitte, mar Jasper bliuwt wol yn Dutslân, mar by hokfoar klup kin se noch net sizze. Dêrfoar spile se by VC Snits.