Identiteit bekend fan deade man by De Westereen

09 jul 2017 - 20:25

De man dy't sneintemoarn dea fûn waard by De Westereen is de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach. Moarns om 10.30 waard it lichem fûn yn de greide by de krusing Fogelsang-Bûterwei. De plysje hat de hiele dei ûndersyk dien en dat giet moarn ek noch fierder. In part fan de krusing bliuwt dêrfoar ôfsletten. De man is troch in misdriuw om it libben kaam. It is de plysje net bekend oft de man kontakten hie yn it kriminele sirkwy.

De man wie sneontejûn by it muzykfeest Freeze Forze Beach Fest yn De Westereen. Op in gegeven momint is hy fuortgien en waard der neat mear fan him fernommen. It is net presys bekend hoe let de man by it feest weigien is.

De man lit in frou en trije bern achter.

De plysje wol hiel graach mear witte oer wat der krekt bard is en ropt elkenien dy't wat wit op om dat te melden by de plysje. Dat kin troch te beljen nei 0900-8844 of anonym fia Meld Misdaad Anoniem op 0800-7000.

(advertinsje)
(advertinsje)