Tentoanstelling oer Tinco Lycklama à Nijeholt yn Cannes

De Fryske flage wapperet yn Cannes © Gemeente Opsterland
Mei de iepening fan in eksposysje yn it Frânske Cannes is in bysûnder gearwurkingsferbân ûntstien mei de gemeente Opsterlân. It giet om de kolleksje fan Tinco Lycklama à Nijeholt, dy't oarspronklik fan Beetstersweach kaam. Hy wie avonturier en keunstsamler, earst yn Beetstersweach en letter yn Cannes. Dêr wie hy de grûnlizzer fan it Musée de la Castre.
Yn dat museum is no in oersichtstentoanstelling fan syn libben en syn samling. Museum Opsterland hat hjirfoar fiif portretten fan him útliend. Boargemaster Ellen van Selm wie by de offisjele iepening fan de tentoanstelling.