Aris wreidet de seleksje út mei Stefan Mladenovic

09 jul 2017 - 18:39
Foto: Omrop Fryslân

Basketbalklup Aris fan Ljouwert hat syn seleksje útwreide mei Stefan Mladenovic. De betûfte guard hat in kontrakt foar in jier tekene en is nei Niels Bunschoten it twadde nije gesicht yn de seleksje fan de Belgyske coachTony van den Bosch.

De 27-jierrige Mladenovic spile earder foar Grins, Rotterdam, Nijmegen en Den Helder en waard it foarige seizoen lânskampioen mei Donar Grins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)