Skoalle 'Mids de Marren' yn De Gaastmar definityf ticht

09 jul 2017 - 18:17

Kristlike basisskoalle Mids de Marren yn De Gaastmar bestiet net mear. Nei in knalfeest foar stêf, bern, âlden en elk dy't der sneon mar by wêze woe, giene de doarren op slot. De 21 bern gean dizze wike op besite by Klaver Trije, harren nije skoalle yn Aldegea.

It feest wie dûbeld, der wie gesellichheid mar ek tryste gefoelens dat it net slagge is om genôch bern oan te lûken om de skoalle iepen te hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)