PvdA en PalGrienlinks Ljouwert wolle hierders beskermje

Hierwenten fan Elkien yn Ljouwert © Wenningkorporaasje Elkien
De fraksjes fan de PvdA en Pal Grienlinks yn de gemeenteried fan Ljouwert wolle dat de gemeente de hieren befriest of ferleget. Se tsjinje dêrfoar moandeitejûn yn de gearkomste fan de ried in moasje yn. Se dogge dit as reaksje op de plannen fan wenningkorporaasje Elkien dy't him weromlûke wol út 70 fan de 82 doarpen dêr't se wenningen ferhiere.
De partijen wolle dat it kolleezje fan b. en w. mei maatregels komt om de hierlêsten fan tûzenen hierders te ferleegjen en om it tal hierwenten yn de doarpen op peil te hâlden.