Winst foar partoer fan Van der Bos yn Boalsert

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Dylan Drent en Tjisse Steenstra hat de frije formaasjepartij yn Boalsert wûn. Dylan Drent ferfong nei de earste omloop de blessearre Taeke Triemstra. Yn de lykop geande finale lutsen se úteinlik mei 5-4 en 6-4 mei in boppeslach fan Dylan Drent oan de langste ein tsjin it partoer fan Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra. In krúsjale slach yn de partij wie de opslachmisser fan Van Zwieten op 4-4 en 6-6.
Tjisse Steenstra waard yn Boalsert útroppen ta kening fan de partij. De lytse preemje wie foar Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra.