Ynbrekker (16) yn Snits oppakt mei help fan plysjehûn

09 jul 2017 - 16:24
Plysjehûn - Foto: ANP

In 16-jierrige ynwenner fan Snits is sneontenacht oanhâlden foar twa ynbraken, yn in skoalle en by in bedriuw yn de stêd. De jonge waard op 'e die betrape, nei't in plysjehûn him op it spoar kaam.

De plysje krige in melding fan ynbraak yn de skoalle en gong der mei de plysjehûn op ôf. It bist pikte dêr de lucht fan de fertochte op en folge dat oant it bedriuwsgebou, dêr't de jonge op dat stuit dwaande wie. De 16-jierrige Snitser is meinaam nei it plysjeburo en ynsletten foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Snits ynbraak plysjehûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)