Syktocht op Skylge nei drinkeling: 'loas alarm'

09 jul 2017 - 16:12
Lifeguards - Foto: Henk Bootsma

Op Skylge is sneintemiddei in skoft socht om in mooglike drinkeling. In lifeguard fan de rêdingsmaatskippij makke melding fan in swimmer dy't er út it each ferlern wie. Dêrop waard alarm slein. Der waard socht op it strân troch de lifeguards, op it wetter mei rêdingsboaten en yn de loft mei in helikopter.

Nei twa oeren waard de syktocht ôfblaasd. Der is gjin melding dien fan in fermissing en dus wurdt útgien fan loas alarm.

Trefwurden: 
syktocht Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)