Helptsjinsten sykje nei mooglike drinkeling yn Drachten

09 jul 2017 - 15:57
Der wurdt yn it wetter socht nei in mooglik slachtoffer - Foto: Srfotografie

Yn Drachten oan de Groene Zoom is sneintemiddei socht nei in mooglik fermiste persoan. Neffens omstanners soe dêr ien it wetter yn fytst wêze. Plysje en brânwacht fûnen al gau in fyts, mar in persoan is net fûn.

Der is socht mei dûkers en ek de traumahelikopter wie oanwêzich. Om goed healwei fjouweren is de syktocht ophâlden. De plysje hat de fyts meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
syktocht Drachten Groene Zoom
(Advertinsje)
(Advertinsje)