Boatsjeminsken yn Akkrum opsluten yn De Boarn

Minsken mei in boatsje yn De Boarn yn Akkrum komme yn aksje tsjin in ôfsluting fan it wetter. Freedtemiddei kaam der in boerd oan ien kant fan De Boarn te stean dat de trochfeart fan moandei 10 july ôf ôfsletten wurde soe. Dat hat te krijen mei de ferfanging fan de beskoeiïng. Dêrtroch kin de iennige beweechbere brêge de hiele simmer net betsjinne wurde. Minsken mei te hege boatsjes reitsje no opsluten.
De bewenners binne net op de hichte brocht fan de ôfsluting en binne ferbjustere. De gemeente Hearrenfean lit yn in reaksje witte dat se in flater makke ha yn de kommunikaasje en dat se fergetten hawwe de bewenners te ynformearjen. De gemeente seit dêrom ta dat de wurksumheden noch net begjinne sille. "Earst sille we prate mei de bewenners", sa lit in wurdfierster witte.