Da Capo Ljouwert nominearre foar 'Leukste orkest'

09 jul 2017 - 12:39

Harmonyorkest Da Capo Ljouwert is nominearre foar de titel Leukste orkest van Nederland. Dat is in wedstriid fan NPO Radio 4. It publyk kin syn stim útbringe fia de webside fan de stjoerder. Oare nominearren binne de Koninklijke Harmoniekapel Delft, brassband MV Valuas út Venlo, brassband David út Zwolle en fanfare-orkest de Hoop út Stellendam. Oare wike freed wurdt de winner bekend makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)