Flylân besiket rottepleach foar te kommen: ôffal oprêde

Op Flylân sitte op it stuit in hiel soad rotten. Dat komt troch de mylde winter. Benammen yn it dúnhuzeterrein en op camping Stortemelk wurde de rotten sjoen. Om in pleach foar te kommen, nimt de gemeente maatregels. Sa wurde minsken oproppen om harren ôffal net neist de konteners te setten of yn konteners te dwaan wêrfan't it deksel net mear ticht kin.
Ek it bûtendoar setten fan jiskepûden by fakânsjewenningen wurdt ôfret. Kobben frette de pûden faak oan, sadat der itensresten frijkomme. Minsken dy't rotten sjogge, moatte dat by de gemeente melde.