UPDATE: Stoflik omskot fûn yn De Westereen, mooglik misdriuw

09 jul 2017 - 11:44

Yn de saak fan it stoflik omskot fan in man dat sneintemoarn fûn is yn De Westereen, hâldt de plysje rekken mei in misdriuw as deadsoarsaak. Dat makken se sneintemiddei fia Twitter bekend. It lichem is oantroffen op de krusing fan de Fogelsang mei de Bûterwei, oan de râne fan it doarp. In omwenner hat it lichem fûn en fuortendalik de plysje warskôge. It ûndersyk giet noch fierder, der is noch net bekend om wa't it giet.

De plysje hat in helikopter ynsetten om in goed byld fan de omjouwing fan it fynplak te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)