Nij soart ingeltsje oantroffen, sûnder wjukken en stippen

© Wikipedia Commons
Yn Fryslân binne flinke populaasjes oantroffen fan in foar Nederlân nij soart leavehearsbistke (Cynegetis impunctata). Dat meldt it Eis Kenniscentrum Insecten. It gelokspykje is oranjebrún mei in swarte kop en hat gjin wjukken en stippen. Omdat it net fleane kin, tinke saakkundigen dat it hearretykje him oer it wetter ferpleatst.
It gouden ingeltsje is ek oantroffen yn Oerisel. Yn 2014 waard it krûpelhintsje foar it earst sjoen yn Ommen. Yntusken binne der safolle oantroffen dat der offisjeel sprake is fan in nije soart. Mooglik is it kofjebeantsje sûnder wjukken fanút Dútslân nei Nederlân kaam, fia de Overijsselse Vecht of it Kanaal Almelo-Nordhorn.
Yn Nederlân binne goed 60 ferskate soarten leavehearsingeltsjes bekend.