Wetterplysje makket ein oan yllegaal feest op eilantsje

09 jul 2017 - 11:05
Wetterplysje (stockfoto) - Foto: Omrop Fryslân

De wetterplysje hat sneontejûn in ein makke oan in yllegaal feest yn de Grutte Wielen by Ljouwert. De plysjes seagen op grutte ôfstan dat der in kampfjoer wie op in eilantsje en se hearden lûde muzyk. Tichterby kaam, wie it al gau dúdlik dat der in feest dwaande wie. Der leine ferskate boatsjes by it eilantsje en in groep jongeren hie der in partytinte en in muzykynstallaasje delset. Twa jongeren fan de groep krigen in bekeuring foar iepen fjoer yn de natuer en lûdsoerlest. Neffens de plysje beseften de jongeren dat se fout wiene. Se ha it fjoer útmakke en tasein it eilân skjin achter te litten.

Fierder op surveillânse trof de wetterplysje ek in kampfjoer oan op it eilân Trije Hûs yn it Prinses Margrietkanaal by Grou. Ien fan de minsken by it kampfjoer krige dêr in bekeuring foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)