Christelijke Brassband Gloria Deï kampioen op WMC Kerkrade

09 jul 2017 - 08:53
Gloria Deï, Gerkeskleaster-Strobos

Christelijke Brassband Gloria Deï fan Gerkeskleaster-Strobos is sneon kampioen wurden op it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade. Yn de 2e difyzje behellen se ûnder lieding fan gastdirigint Piet van der Heide 96 fan de 100 punten, goed foar it earste plak. Yn deselde difyzje die ek CMV Euphonia fan Wolvegea mei ûnder lieding fan Syde van der Ploeg. Sy behellen mei 88 punten it achtste plak.

Yn de 1e difyzje waard Brassband Pro Rege fan It Hearrenfean ûnder lieding fan Anne van den Berg twadde mei 93,5 punten. It tredde plak, mei mar 1 punt minder, wie foar de Spikerpakkeband fan Opsterlân.

Yn de 3e difyzje waard De Nije Bazún fan Britsum tredde en Greidebrass fjirde.

Snein komme de bands fan de kampioensdifyzje op it poadium. It konkoers duorret oant en mei it lêste wykein fan july en is live fia de stream fan it WMC te folgjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)