Goud foar Kamminga en Groenewoud op EK skeelerjen Portugal

09 jul 2017 - 00:01

Manon Kamminga en Marijke Groenewoud ha op de lêste dei fan it EK skeelerjen yn Portugal goud wûn op de maraton. By de manlju wûn Crispijn Ariëns brûns. Mei in fenomenale einsprint pakte Marijke Groenewold út Hallum de winst by de junioaren A. It wie har twadde goud op it EK.

Manon Kamminga fan Haulerwyk, mar tsjintwurdich fan It Hearrenfean, wûn by de froulju senioaren yn in spannende einsprint. Se bleau Francesca Lollobrigida út Italië krekt foar.

Crispijn Ariëns, ynwenner fan Wolvegea, ferlear de einsprint krekt fan Bart Swings en Nolan Beddiaf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)