Ysbrand Galama springt 20.08 meter yn Winsum en wint

It fierljeppen yn Winsum is sneontejûn wûn troch Ysbrand Galama fan It Heidenskip. Yn syn lêste sprong kaam hy ta in ôfstân fan 20.08. Dat wie syn bêste prestaasje fan it seizoen en genôch foar de oerwinning. Nard Brandsma kaam syn lêste sprong noch wol tichtby mei 20.02. Tredde waard Thewis Hobma mei 18.37. Ferrassend fjirde waard Thijs Faassen út Tsjummearum: hy ljepte in nij pr fan 18.11.

By de froulju gie de oerwinning nei Marrit van der Wal fan It Heidenskip mei 16.16 meter. Twadde waard Klaske Nauta mei 15.08 en Melanie Heins waard tredde mei 13.63.

By de junioaren wûn Freark Kramer mei 18.55. Twadde waard Jan-Teade Nauta mei 18.24 en tredde Jarno Hoekstra mei 17.71. By de jonges wûn Wietse Nauta yn 16.87, like fier as Rutger Haanstra. Foar Haanstra wie it in pr, mar om 't de twadde sprong fan Nauta (16.46) fierder wie as dy fan Haanstra (16.18) wûn Nauta de deititel.
By famkes wie Bente Vlas de bêste mei in sprong fan 13.71. Sigrid Bokma waard twadde mei 13.63, en Gerbrich Steensma fan Warfstermûne pakte mei in nij pr fan 13.56 it brûns.