Kritetoaniel Grou komt wer ta libben

08 jul 2017 - 20:37

It Kritetoaniel fan Grou sil yn jannewaris 2018 wer foar it earst yn acht jier in stik opfiere. It kritetoaniel fan Grou hie foarhinne in grutte namme en spile yn de toanielkriich fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) faak om de heechste plakken. Spilers as Freark Smink en Klaasje Postma binne har karriêre by de Krite yn Grou begûn.

De tariedings foar de nije start binne yn folle gong. It blijspul ‘Bravo!!’ fan Haye van der Heyden, sil op 19 en 20 jannewaris 2018 útfierd wurde by restaurant Oan ’t Wetter yn Grou. Ald-Grouster Anja Steegstra hat it stik yn it Frysk oerset en docht ek de rezjy. Yn septimber 2016 like it der noch op dat Krite Grou, oprjochte yn 1875, ophâlde soe te bestean om’t der gjin bestjoersleden te finen wiene. Dat wie de eare fan de Grousters lykwols tenei en yn desimber koe in nij entûsjast bestjoer fan sân minsken ynstallearre wurde. De Krite Grou wie rêden.

It nije bestjoer hat yntusken in kultureel programma foar it kommende winterskoft gearstald mei foarstellingen fan J&M Teaterwurk (Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018), Achmea Culpa (Kredyt), Bauke van der Woude (kofjekonsert) en in Fryske filmjûn mei filmer Auke de Witte. Boppedat is it slagge om de toanielpoat fan de Krite wer nij libben yn te blazen.

Trefwurden: 
kritetoaniel Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)