Plysje siket om jonkje (4) op bleate fuotten yn wyk Nijlân

08 jul 2017 - 20:16
Plysje is op syk nei in 4-jierrich jonkje yn de wyk Nijlân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Ljouwerter plysje hat sneontejûn oardel oere oan it sykjen west nei in 4-jierrich jonkje. It jonkje wie op bleate fuotten en yn in blauwe pyjama op syn fytske sjoen yn it winkelsintrum fan de Ljouwerter wyk Nijlân. Omstanners hawwe de plysje warskôge en dy hat oardel oere oan it sykjen west

Der gie ek in Burgernetoprop út. Dêrtroch wiene ek ferskate boargers nei it jonkje oan it sykjen. Nei oardel oere kaam it sinjaal dat it jonkje fûn wie. De plysje betanke alle boargers foar harren help by it sykjen.

Trefwurden: 
sykaksje Nijlân
(Advertinsje)
(Advertinsje)